United States Fish and Wildlife Service

United States Fish and Wildlife Service
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút United States Fish and Wildlife Service
("Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst")
ôfkoarting USFWS / FWS
lân Feriene Steaten
oprjochte 1940
falt ûnder Ministearje fan Binnenlânske Saken
doel natoerbehear op federaal lân
sifers
wurknimmers 9.000 (2010)
jierliks budget $2,320 miljard (2008)
oar
webside www.fws.gov

De United States Fish and Wildlife Service of U.S. Fish and Wildlife Service, soms ôfkoarte ta USFWS of FWS, is in Amerikaanske federale oerheidsynstânsje dy't tawijd is oan natoerbehear. De namme fan de ynstelling betsjut letterlik: "Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst". De United States Fish and Wildlife Service, dy't yn 1940 oprjochte waard, kin sjoen wurde as in soarte fan boskwachterstsjinst. De ynstânsje resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. It haadkertier is fêstige yn Bailey's Crossroads, yn de Amerikaanske steat Firginia. Oare Amerikaanske oerheidsynstânsjes dy't har dwaande hâlde mei natoerbeskerming binne de United States National Park Service en de United States Forest Service.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search